Jild foar Ljouwerter monuminten

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert krijt goed 3,5 miljoen gûne fan it Ryk foar monumintesoarch. Dat jild is bedoeld foar de perioade 2007-2010. De subsydzje is heger as foarige kear. Doe wie der in ton per jier beskikber.
Foar de tiid krijt Ljouwert 350.000 gûne foar wenningen en pleatsen. Foar oare monuminten komt der noch 550.000. Wethâlder Brok is bliid mei it jild.