Snitser sikehûs wreidet út

09 okt 2001 - 00:00

It Antonius sikehûs yn Snits wurdt útwreide. Benammen foar de polikliniken is te min romte. Oer twa jier begjint de nijbou. Ek de operaasjekeamers, apteek en ôfdieling radiology wurde útwreide.

It sikehûs is no dwaande mei de tarie- ding fan de bou fan in sûnens-servicesintrum. Dêr moatte soarchbedriuwen yn komme, lykas in húsdokterpraktyk en in winkel yn medyske helpmiddels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)