Wer demonstraasje tsjin oarloch

© Omrop Fryslân
Op it Ljouwerter Waachplein wie moandei al de twadde fredesdemonstraasje tsjin de oanfallen op Afghanistan. De byienkomst wie in inisjatyf fan it Trefpunt Anti Kapitalisten en de Internationale Socialisten. De 40 dielnimmers rûnen mei fakkels en kearsen troch de stêd.
Organisator Richard Tuinstra oerwaacht om dizze wike noch mear aksjes tsjin de oanfallen fan Amearika op tou te setten.