Littenseradiel: gjin AZC fan 500

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Littenseradiel wolle gjin asylsikerssintrum fan 500 minsken. Dat die moandei bliken op in foarljochtingsjûn yn Wommels. B. en w. hiene foarkar foar in grut AZC foar 3 jier, mar sille dit no op 'e nij besjen.
B. en w. oerwaagje no om de Lemster fariant, in lytser AZC foar 250 minsken, ek yn Littenseradiel te brûken. De ried nimt op 12 novimber in beslút.