NS smart gel op rails

© Omrop Fryslân
De NS set dizze hjerst gel yn tsjin fertragings. De gel, dy't alle dagen op it spoar tusken Meppel en Ljouwert spuite wurdt, moat foarkomme dat de rails te glêd wurde.
Alle jierren binne de rails yn de hjerst te glêd troch fallen blêden. De treinen ha dêrtroch in te lange remwei en kinne minder hurd oplûke. In proef mei gel wie earder in sukses.