Occupy Ljouwert mei bliuwe

06 mrt 2012 - 14:42

It Occupy-tintekamp yn Ljouwert mei dêr foarearst bliuwe. Dat hawwe boargemaster en wethâlders tiisdei besletten. Sûnt oktober ferbliuwe goed tweintich demonstranten yn it kamp oan de Lange Merkstrjitte. Fan de gemeente Ljouwert meie se dêr bliuwe, salang't it kamp in demonstratyf karakter hâldt. Salang't grûneigner Aegon it goed fynt, kin it kamp bliuwe.

Op de measte oare plakken, yn sawol binnen- as bûtenlân, binne de Occupykampen al ûntromme. De Ljouwerter VVD frege dêr koartlyn ek om. De VVD fûn dat it kamp der lang genôch west hat.

It yn 'e gaten hâlden fan it tintekamp soe de gemeente en plysje op kosten jeie, tinkt de VVD.

Trefwurden: 
Ljouwert Occupy tintekamp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)