Haadklassederby einiget yn 1-1

© Omrop Fryslân
De Fryske derby tusken Drachtster Boys en Harkemase Boys is sneon einige yn in 1-1 gelykspul. De goals kamen fan Hans Postma foar Drachtster Boys en Jan van Raalte foar de Harkemase Boys.
Troch in reade kaart fan Knevelman foar praten tsjin de skiedsrjochter moasten de Drachtsters goed 50 minuten mei 10 man spylje. Yn de haadklasse C fan it sneonsamateurfuotbal stiet Drachten 12e.