Wurdboek Fryske taal 2002 klear

© Omrop Fryslân
Troch it fallisement fan de Handelsdrukkerij 1874 yn jannewaris dit jier, sil it wurdboek foar de Fryske taal pas yn 2002 klear wêze. De Fryske Akademy moast op syk nei in oare printer.
Dat is Hellinga út Ljouwert wurden, mar dêr wurdt wurke mei in oar setsysteem. Op it stuit wurde dêr tests mei dien. Ein oktober kin der pas echt printe wurde.