Sûnens kij moat better

© Omrop Fryslân
Boeren moatte mear ynvestearje yn de sûnens fan har kij. Dat smyt mear molke en dus mear jild op. Dat is de útkomst fan in ûndersyk fan it Landbouw Economisch Instituut.
It ûndersyk is basearre op gegevens fan 58 molkfeebedriuwen. Sjoen is nei kos- ten foar sûnensmaatregels as in goeie stâl en medisinen oan 'e iene kant en de opbringsten oan de oare kant.