Multyfunksjoneel hûs Mitselwier

04 okt 2001 - 00:00

De nijbou fan fersoargingshûs De Skûle yn Mitselwier wurdt in multyfunksjoneel sintrum foar it hiele doarp. Yn it sintrum komt bygelyks ek in doarpshûs, in pjutteboartersplak, winkeltsjes en oanleunwennings.

De ynvestearrings komme mei inoar op sa'n 25 miljoen gûne. De earste faze, de bou fan it fersoargingshûs sels, sil sa'n 16 miljoen gûne kostje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)