Foarljochtingsbyienkomst islam

03 okt 2001 - 00:00

Der komt in grutte foarljochtingsbyienkomst oer de islam yn Fryslân. It giet om in inisjatyf fan 'e islamityske mienskippen en de tsjerken. Oanlieding foar de byienkomst is de stream fan lytsere ynsidinten - brânstifting, bedriging - dêr't moslims it slachtoffer fan wurde.

Doel fan 'e byienkomst is it weinimmen fan ûnbegrip. Imam Önlü fynt dat de Friezen wol aardich tolerant binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)