Alternativen foar pontsje?
It pontsje fan Langwar jout de gemeente Skarsterlân kopsoargen. De ûnderhâldskosten wurde hieltyd heger, wylst de eksploitaasje jierliks al goed fjouwer ton kostet. Twa pontbazen hâlde der meikoarten ek mei op fanwegen har leeftyd.
De gemeente wol ûndersykje oft der alternativen binne foar it pontsje. Mooglik komt der in fêste ferbining of in oerset.