Donoaren socht yn Snits

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Snits krije dizze wike in oprop yn 'e bus om orgaandonor te wurden. De stichting Donorregistraasje hat de Wetterpoartestêd mei trije oare lytsere stêden útkeazen as proefgebiet. Se besykje mei dizze 'aksjes-ticht-by- de-boarger' mear donoaren te krijen.
Der wurdt rekkene op in respons fan minstens 7 prosint. Is dat mear, dan wurdt de kampanje lanlik ynfierd.