Siik fan krûdetee

© Omrop Fryslân
Teedrinkers moatte it foarearst sûnder stjerrremiks dwaan. Acht minsken binne yn it sikehûs opnommen nei't se de tee dronken hawwe. Se moasten spuie, hiene in legere hertslach, foelen flau of hiene lêst fan hallusinaasjes.
It giet om de stjerremiks fan it merk Hetger Natuurlijk. De Keuringstsjinst fan Waren hat de tee út de hannel nommen. De siken binne no wer thús.