Grou kriget mooglik ek in azc
FNP en PvdA yn Boarnsterhim wolle in twadde azc, mooglik yn Grou. Dat die moandei bliken op de safolste kommisjegearkomste oer de kwestje azc. De gemeente kin mar net út 'e rie komme.
B en W wolle in azc foar 250 minsken by Akkrum, tsjin it sin fan de buert. De gemeenteried wol dochs 400 pleatse, lykas it COA freget. Dêrom komme de partijen mei it plan foar twa azc's.