Fryske deiblêden buorkje efterút

© Omrop Fryslân
De regionale deiblêden yn Fryslân hiene it twadde kwartaal fan dit jier minder abonnees as yn it earste kwartaal. De Ljouwerter Krante buorke efterút fan 110.732 nei 109.539, dat binne sa'n 1200 abonnees minder.
It Frysk Deiblêd rûn werom fan 17.559 nei 17.388, sa'n 170 minder. Dit docht bliken út lanlike mjittings. It FD gong kwa oplage foarút fan 21.000 nei 22.000.