Bemiddelers by spul buorlju

© Omrop Fryslân
Frijwilligers moatte helpe om rûzjes tusken buorlju op te lossen. Fjouwer bemiddelers set de gemeente It Hearrenfean yn by it projekt dêr't plysje, wenningbouferieningen en in wolwêzensstichting mei elkoar gearwurkje.
Op dizze wize hâldt de plysje mear tiid oer foar oar wurk. It delbêdzjen fan spul is net maklik; de bemiddelers moatte oan hege easken foldwaan.