Resten Dúts kommandosintrum fûn

27 sep 2001 - 00:00

By de fleanbasis yn Ljouwert binne resten fûn fan in Dúts kommandosintrum út de twadde wrâldoarloch. De resten kamen oan it ljocht by graafwurksumheden op it plak dêr't it nije logistyk sintrum fan de fleanbasis komme moat.

Yn it gebou fan 18 by 35 meter wiene keamers foar radio en telefoanyske apparatuer. De kommandopost is nei de oarloch ôfbrutsen en bedobbe ûnder de grûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)