Wittenskiplik boek oer Dokkum

27 sep 2001 - 00:00

Der komt in populêr-wittenskiplik boek oer de skiednis fan Dokkum. De stifting Historia Doccumensis, dêr't tal fan Dokkumer organisaasjes yn gearwurkje, hat dit tongersdeitemoarn bekend makke.

Under einredaksje fan histoarikus Meindert Schroor wurdt de rike histoarje fan de stêd beskreaun oan de hân fan tema's. It wurk moat ferskine yn it jier 2004, it Bonifatius-jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)