Waadkant tsjin ien wetterskip

26 sep 2001 - 00:00

Wetterskip De Waadkant is tsjin de foarming fan ien wetterskip yn Fryslân. Neffens in mearderheid fan de folmachten soe de fúzje op kosten gean fan de ynwenners fan it gebiet fan de Waadkant om't de lêsten dêrmei 2,5 miljoen omheech geane soene.

Ek soe ien wetterskip net bydrage oan de effisjinsje fan it wurk. De oare fiif wetterskippen binne wol foar in fúzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)