Finansjele problemen foar NHL

© Omrop Fryslân
It ynstitút Technyk fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, de NHL, driget slim yn de finansjele problemen te kommen. Dat komt troch it weromrinnen fan it tal studinten en de tsjinfallende ynkomsten út kontrakten mei bedriuwen.
Nei alle gedachten is der takom jier in tekoart fan 2 miljoen gûne. In spesjale wurkgroep sil besjen hoe't it probleem oanpakt wurde moat.