Run op boeken oer islam

25 sep 2001 - 00:00

Der is in run op boeken fan Nostradamus, dat fernimme de boekhannels yn Fryslân. Ek boeken oer islam, Afghanistan en Taliban wurde goed ferkocht sûnt de oanslaggen yn Amearika, twa wiken lyn.

Minsken wolle neist it nijs en de aktualiteiteprogramma's mear lêze en achtergrûnynformaasje krije oer de islam en it lân dêr't Osama bin Laden, de haadfertochte, ferskûle sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)