Portena nimt Spooren BV oer

06 mrt 2012 - 11:30

Portena Logistiek op It Hearrenfean hat transportbedriuw Spooren BV yn Waardenburg oernaam. It giet neist seis frachtautokombinaasjes en fiif sjauffeurs, ek om de kontrakten fan it bedriuw. Dat is spesjalisearre yn de opslach en it transport fan snobbersguod en sûkelarje.

It giet ûnder oare om produkten fan Van Slooten yn Jirnsum. Neist it ekstra wurk smyt de oername Portena ek in stipepunt op yn it midden fan it lân. It bedriuw wie dêr al langere tiid nei op syk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)