Reisburo's rinne grutte skea op
De reisburo's ûnderfine grutte konsekwinsjes as gefolch fan de oanslaggen yn Amearika. Minsken annulearje út benaudens, reizen nei bygelyks New York en it Midden-Easten geane net troch. Moandei hat de KLM ek noch bekend makke dat de fleanprizen ferhege wurde mei in terreurtaslach.
Benammen by de lytsere reisorganisaasjes komme de klappen hurd oan.