Oanhâldings yn Wolvegea
Yn Wolvegea hat de plysje sneintemoarn in tal minsken oanholden. Ien man waard oppakt fanwege belediging fan de plysje. Hy fersette him, mar bedimme him nei it ynsetten fan de plysjehûn.
Op in oar plak waard ek in man oppakt fanwege belediging. Syn freondin sloech dêrby in plysjeman yn it gesicht. De frou koe dêrop ek meikomme nei it buro.