Gerrit Krol opfolger Bilker?

© Omrop Fryslân
Gerrit Krol wurdt nei alle gedachten de nije wethâlder fan 'e gemeente Ljouwert. De CDA-fraksje yn 'e gemeenterie hat him foardroegen. Hy soe dan de opfolger wurde fan Bearn Bilker dy't boargemaster fan Kollumerlân wurdt.
Krol sit 16 jier yn 'e Ljouwerter rie, de lêste 7 jier as fraksjefoarsitter. Yn it deistich libben is er no noch direkteur fan in basisskoalle.