Priis foar It Fryske Gea

21 sep 2001 - 00:00

It Fryske Gea hat freed de Noorderbreedte-priis krigen. De stichting rikt de priis ienris yn de fiif jier út oan bedriuwen, ynstellingen of persoanen dy't har ynsette foar natuer en kultuer.

Noorderbreedte bestiet 25 jier en jout in tydskrift út oer lânskip en kultuerhistoarje. It Fryske Gea krijt de priis om de oankeap fan de Slachtedyk. Dêrmei wurdt ieuwenâld lânskip behâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)