Proses Mata Hari opnij besjoen

21 sep 2001 - 00:00

It proses tsjin Mata Hari wurdt mooglik opnij iepene. Mata Hari waard yn 1917 yn Frankryk ta de dea feroardield foar spionaazje. In advokatekantoar yn Parys sil no besykje om de saak op 'e nij foar de rjochter te krijen.

Der binne nije feiten boppe wetter kommen, mar der is noch net bekend wat. It Frysk Museum hat dêr berjocht oer krigen en stipet de oanfraach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)