Oare betinking Slach by Warns

© Omrop Fryslân
Dit jier is der in allinnich in middeisprogramma by de betinking fan de Slach by Warns. It spesjale by dizze betinking takom sneon op it Reaklif is, dat der benammen songen en foardroegen wurdt.
Dat wurdt dien yn it Frysk, mar ek yn it Bilts, it Stellingwarfs en de talen fan stêden en eilannen. Nei de betinking wurdt yn it Van Sminiahûs yn Ljouwert it Stinzefeest hâlden.