Krityk op brânwacht Harns

20 sep 2001 - 00:00

In tal Harnser riedsleden fan de VVD, Harlinger Belang en Harlinger Alternatief sizze dat de brânwacht by in oefening yn juny én by de brân yn túnsintrum Siersema flaters makke hat.

By de brân by Siersema wie de brânwacht te let, sa sizze se, en der wiene te folle diken ôfset. Riedslid De Graaf fynt dat de brânwacht trochljochte wurde moat troch in ûnôfhinklike partij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)