Skier hat 90.000 gûne oer

20 sep 2001 - 00:00

De gemeente Skiermûntseach sil takom jier in oerskot hawwe fan 90.000 gûne op 'e begrutting. De belesting foar ynwenners fan Skier sil takom jier mei in pear persint ferhege wurde.

De bedraggen foar ôffalstoffenheffing en de toeristebelesting bliuwe foarearst gelyk. Boargemaster en wethâlders hawwe ek bekend makke dat de wenningbouferiening oergean sil yn partikuliere hannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)