Nij plysje-unifoarm is ûnfeilich

© Omrop Fryslân
De parkajas fan it nije plysje-unifoarm is net feilich. It wapen dat oer de jas hinne droegen wurdt, kin der by in fjochtpartij maklik ôflutsen wurde.
De jas is foar de plysje ek net handich om't er oer de wapenstok hinget, wat it gau pakken derfan dreech makket. De jas wurdt mooglik oanpast. Op lanlik nivo wurdt oer it unifoarm praat, dat twa wiken lyn as proef oan 250 lju jûn is.