Tekoart oan hierwenningen

© Omrop Fryslân
Der is in tekoart oan hierwenningen yn Fryslân. De wachttiid kin oprinne oant trije jier. Hierdersferiening 'De Bewonersraad' freget wenningbouferiening Smellingerlân en Talma yn Drachten om lege hierhuzen net te ferkeapjen. Ljouwert soe dat ek dwaan moatte, fynt de pleatslike hierdersferiening. In flat yn de Frijheidswyk soe renovearre wurde, mar der komme studinten yn.