D66 stelt fragen oer Atoglas

© Omrop Fryslân
De fraksje fan D'66 yn Ljouwert hat wethâlder Hafkamp om opheldering frege oer de fergunning fan keunststoffabryk Atoglas oan Achter de Hoven.
De gemeenteried hat yn juny yn in moasje sein dat Atoglas him oan de lanlike noarm foar de útstjit fan methylacrylaat hâlde moat. It bedriuw hat oanjûn dy noarm net te heljen en kriget no útstel oant jannewaris takom jier.