Woudagemaal moat útwetterje

© Omrop Fryslân
It Woudagemaal op De Lemmer is tiisdei yn wurking set. Dat wie nedich om it wetterpeil fan dit momint te ferleegjen. Om't it de ôfrûne dagen sa folle reind hat, stiet it wetterpeil heger as oars.
Fan de 12 sintimeter wetter dat boppe it peil stiet dat neistribbe wurdt, kin in soad wetter op de boezem útwettere wurde. Ek it Hooglandgemaal by Starum draait folop.