Angelique van E. komt net frij

18 sep 2001 - 00:00

Angelique van Eijden komt net frij. Har fersyk om kassaasje is tiisdei fersmiten troch de Hege Ried. De frou út Waskemar waard begjin dit jier yn heger berop feroardiele ta acht jier sel op de moard fan de poppe Risanne út Appelskea.

Dy straf bliuwt stean om't de proseduere yn de saak goed west hat. Dat is ek de taak fan de Hege Ried. Dit kolleezje behannelet in saak net ynhâldlik op 'e nij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)