Keunstwurk foar Havankpark

18 sep 2001 - 00:00

Tilly Buij en Gerard Groenewoud meitsje in keunstwurk foar it Havank- park yn Ljouwert. It kriget de namme 'De Schaduw' nei de speurder yn de detectiveromans fan Havank.

It keunstwurk hat de foarm fan in tal kapte beamstammen. It is makke fan beton. Ynspiraasje wiene 'duorsemens' en 'wenje yn 'e bosk'. De gemeente stelt der 30.000 gûne foar beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)