Filla's Suderbuorren piperdjoer

18 sep 2001 - 00:00

Yn 'e Ljouwerter wyk Suderbuorren komme fiif terreinen fan 5000 kante meter. Dêr kin 1 oant 5 lúkse saneamde 'bûtenpleatsen' op boud wurde. De grûn is foar mear as in miljoen gûne beskikber.

De filla's komme yn 'e krekt oanplante bosk fan Pylkwier by Himpens. De grûnstikken wurde net ferlotte. Dejinge mei it bêste ûntwerp mei bouwe. De gemeente hat al in pear gadingmakkers op it each.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)