Protte krityk op mûnen Ofslútdyk

© Omrop Fryslân
In wynmûnepark op de Ofslútdyk rôp moandei in protte fraachtekens op in ynformaasjegearkomste yn Harns. Fertsjinwurdigers fan 'e provinsjes Fryslân en Noard-Hollân presintearren dêr de plannen foar 109 turbines.
De fyftich ynsprekkers wiene net oertsjûge fan 'e opbringst fan 'e mûnen. Boppedat soe de natuer en de rekreaasje derûnder lije.