Unwissens oer takomst Bentex

18 sep 2001 - 00:00

Fakbûnen en personiel binne ûngerêst oer de takomst fan de Bentexwinkels. De fanâlds Lemster keten is opgien yn Superconfex, dat wer fan memmebedriuw MacIntosh is. De direksje yn Den Bosch wol no fan Superconfex ôf.

Dat is nuver, sa sizze de fakbûnen, want de omset fan 'e Bentex sit yn 'e lift. Bentex soe los fan Superconfex ferkocht wurde moatte, sa seit it CNV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)