Opromjen fisknetten grut súkses

© Omrop Fryslân
It opromjen fan fisknetten by seehûnekresj Piterburen en fan de fiskôfslach yn Urk is in grut súkses. Der binne al hûnderten fisknetten fûn en oan 'e wâl brocht. It giet om netten dy't de fiskers kwytrekke binne.
Alle jierren reitsje in soad bisten, sa as seehûnen, fûgels, dolfinen en brúnfisken betize yn de netten. De fiskers ha de netten sels opromme.