Nije wenten op Skiermûntseach

17 sep 2001 - 00:00

De gemeente Skiermûntseach wol oant en mei 2010 fjirtich nije wenten bouwe. Fierders moatte der tsien lytse wenienheden komme foar tydlik personiel.

Op it eilân is grutte krapte oan wenromte en de prizen binne sa heech dat de eilanners it net mear betelje kinne. Reden foar de gemeente om de measte nije huzen te ferhieren. De ried moat noch wol oer de plannen gear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)