Pro-Acts skeel mei Piter Wilkens

16 sep 2001 - 00:00

Produksjemaatskippij Pro-Acts, dy't de Fryske stjerrejûn ein novimber organisearret yn Thialf, leit op it stuit yn in konflikt mei sjonger Piter Wilkens. Wilkens freget neffens Pro-Acts te folle jild foar syn optreden en mei no net mear komme.

Neffens Wilkens' saaklik adviseur hat hy net te folle frege, en wol Pro-Acts de band fan de sjonger net boeke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)