Kwaliteit swimwetter kust goed

© Omrop Fryslân
De kwaliteit fan it swimwetter oan de Noardsee- en Waadseekusten yn Fryslân wie dizze simmer goed. Rykswettersteat hat op 6 en op 20 augustus meunsters naam op njoggen plakken yn de provinsje.
Ut it ûndersyk docht bliken dat op net ien fan de plakken de fêststelde noarmen oerskrieden binne. Der wurdt ûnder oaren sjoen of de koli-baktearje, streptokokken en salmonella foarkomme.