Brân yn wenpleats Ferwert

© Omrop Fryslân
Der hat sneon in grutte brân west yn in wenpleats oan de seedyk, boppe Ferwert. By de wenpleats sit in meubelmakkerij, De Oude Stijl. De loads fan it bedriuw is sparre bleaun, it wenhûs is folslein ôfbaarnd. Der is nimmen ferwûne rekke.
By de brân is asbest frijkaam, mar omdat it goed wiet hâlden is, koe de asbest him net ferspriede. Oer de totale skea is op it stuit noch neat te sizzen.