Jens Smit wint sjongwedstriid

15 sep 2001 - 00:00

Jens Smit hat freed de Fryske singer/ songwriter-wedstriid wûn yn kafee De Gloppe yn Ljouwert. De oare dielnimmers wiene: Hedser Tijtsma, Sjoerd van Kammen, Twee en DJ Keu.

Jens Smit waard begelaat op gitaar. Hy waard troch de sjuery priizge om syn ienfâldige ferskes dy't maklik yn it gehoar lizze. Hy mei no meidwaan oan de Grote Prijs van Nederland.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)