Europeeske animo autoleaze sneon

14 sep 2001 - 00:00

It grutste part fan de Nederlanners is foar in autoleaze sneon op 22 septimber yn Europa. Likernôch de helte fan de ûnderfregen wol dat it in jierlikse tradysje wurdt. Yn Europa binne 900 stêden autofrij, yn Nederlân 42 plakken.

Ljouwert hat lykwols besletten om net de sneon, mar de snein as autoleaze dei út te roppen. Dêrmei giet it kolleezje tsjin de winsk fan de riedskommisje yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)