Waadferiening tsjin lâningsbaan

14 sep 2001 - 00:00

De Waadferiening hat him tongersdei by de Raad van State útsprutsen tsjin in twadde lâningsbaan foar fleantugen op it Amelân. Briedende fûgels soene slachtoffers wurde fan de oerlêst dy't de fleanmasines feroarsaakje.

Ferkearsminister Netelenbos wol dat der op de nije baan sa'n 9000 kear per jier in fleantúch oankomme of fuortgean mei. De Waadferiening fynt dit te folle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)