Waadsee net op wrâlderfguodlist

© Omrop Fryslân
Der is te min stipe om de Waadsee by de Unesco oan te melden as wrâld-erfguod. Dat seit koördinator Wiersinga fan de Waadsee-konferinsje, dy't 31 oktober hâlden wurdt yn it Deenske Esbjerg. De Waadsee soe dan oanmelden wurde as wrâld-erfguod foar de list fan Unesco.
Neffens Wiersinga is der te min stipe om't minsken benaud binne dat der aanst neat mear tastien is yn de Waadsee.