Freed Dei fan Rou
De EU hat freed útroppen ta Dei fan Rou fanwege de oanslaggen yn Amearika. Om tolve oere wurdt 3 minuten stilte yn acht nommen. By oerheidsgebouwen hingje de flaggen healstôk.
Gemeentehûzen, plysjeburo's en bedriuwen diene dat woansdei al. Ferskate gemeenten ha in kondoleanseregister iepene. Op ynternet kinne minsken telâne by www.nakur.com